Mooglik breuk Anema en BAM

27 feb 2011 - 16:40
  • Jillert Anema

It liket net mear goed te kommen tusken Jillert Anema en sponsor BAM. De suksesfolle ploechlieder kin it mei de sponsor net iens wurde oer de koers foar de kommende jierren. Anema wol njonken it maratonreedriden ek in protte tiid stekke yn it trajekt nei de Olympyske Spelen fan 2014 yn Sochi.

BAM wol trochgean mei in maratonploech, mar foar de Olympyske ambysjes fan Anema is gjin draachflak. Faaks dat in ûnderhanneler de partijen noch byinoar bringe kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)