Fjouwermansbob Jansma 16e

Sybren Jansma is snein mei de fjouwermansbob op de slotdei fan it WK yn Königssee op it sechtjinde plak hingjen bleaun. Sneon stie de fjouwermansbob noch ien plakje heger. Mei stjoerman Edwin van Calker, Yannick Greiner en Arno Klaassen wiene der mei-inoar fjouwer ôfdalings.
Yn it klassemint wie der in ferskil fan 2,59 sekonden op de wrâldkampioen. Dy titel gie nei it Dútske team fan stjoerman Manuel Machata.