Hannelsmisje Estlân súksesfol

Max van den Berg mei de presidint fan Estlân Toomas Hendrik Ilves
Der moat wer in noardlike hannelsmisje komme nei Estlân en Letlân, sa is konklúzje nei de besite fan bedriuwen en organisaasjes oan de Baltyske lannen ferline wike. De hannelsmisje wie in mienskiplik inisjatyf fan gearwurkingsferbân Noar-Nederlân, SNN en de Keamer fan Keaphannel.
Under lieding fan 'e Grinslanner kommissaris Max van der Berg binne de ûndernimmers en politisy op heech nivo ûntfongen. De ferwachting is dat ien en oar liedt ta mear hannel.