Dokkum:oanhâldings foar geweld

De plysje hat sneontenacht in Driezumer (20) en in man fan Wâlterswâld (21) oanhâlden, omdat sy in Dokkumer (20) mishannelen. Se krigen yn de Keppelstrjitte spul mei de Dokkumer en mienden him slaan en skoppe te moatten. It slachtoffer waard troch de plysje nei it sikehûs brocht foar behanneling.
De fertochten waarden oanhâlden en oerbrocht nei it plysjeburo en waarden dêr ynsletten foar ferhoar. It slachtoffer hat oanjefte dien.