Ferlies Mid-Fryslân tsjin OVVO

27 feb 2011 - 14:27

De kuorballers fan Mid-Fryslân hawwe sneon mei 21-19 ferlern fan koprinner OVVO yn Maarssen. Ferline wike spilen beide ploegen ek tsjininoar. Doe waard it yn Grou 21-16 foar OVVO. Mid-Fryslân hat op 'e ranglist twa ploegen ûnder har. Mei noch twa wedstriden te gean moatte de kuorballers fan Reduzum en Grou har hanthavenje kinne yn de sealhaadklasse A.

Takom wike nimme se it op tsjin SCO, de Fryske haadklasser út Aldeholtpea dy't ien punt mear hat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)