Snitsers ha de guit te pakken

27 feb 2011 - 14:04

It is de follybalfroulju fan VC Snits op 'e nij slagge om in kompetysjewedstriid te winnen. Sneon waard mei 3-1 wûn fan King Software út yn Capelle/Nieuwerkerk. Dat is de tredde oerwinning op rige. Ferline wike wûn it team fan trainster Petra Groenland de earste twa wedstriden fan 2011, sadat Snits de play-offs helle.

De setstannen yn Súd-Hollân wiene 17-25, 25-23, 26-28 en 26-28. De Snitser froulju krûpe troch de oerwinning nei plak sân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)