Lilke fans easkje útlis trener

27 feb 2011 - 11:19

De spilersbus fan SC Hearrenfean is sneontejûn by it Abe Lenstra Stadion opwachte troch in stik as tritich lilke supporters. Dy easken fan trener Ron Jans útlis oer it ferlies tsjin Willem II yn Tilburch. SC Hearrenfean stie by de nûmer lêst by it skoft mei 2-0 foar, mar ferlear úteinlik mei 4-3.

De klup stiet no op it njoggende plak yn de earedivyzje. Ron Jans sei yn in reaksje dat er it ferlies tsjin Willem II 'verbijsterend' fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)