Aris wint fan Nijmegen

26 feb 2011 - 22:10

De Friesland Aris hat nei in pear stevige ferliespartijen de wedstriid tsjin Nijmegen mei 78-71 wûn. Yn it Kealledykje naam Aris yn it earste kwart in lytse foarsprong: 19-15. By it skoft wie it Ljouwerter foardiel noch mar ien punt: 37-36.

De spanning bleau, mar mei 17-15 en 24-20 waard de wedstriid útspile. It wie foar it earst dit seizoen dat Ljouwert fan Nijmegen wûn. Manny Adako makke 16 punten. Mark Sanchez, John Williams en Calvin Chitwood allegearre 13.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)