Jansma nei dei ien 15e op WK
Bobslider Sybren Jansma stiet mei de fjouwermansbob nei de earste dei yn de middenmoat op it wrâldkampioenskip. Nei twa runs stiet Jansma tegearre mei Arnold Van Calker, Yannick Greiner en Arno Klaassen fyftjinde. De efterstân op Dútslân 1 is ien sekonde.
Yn it Dútse Königssee waarden Jansma en Van Calker ferline wike yn de twamansbob 18e.