Opsterlân hat lêst fan ruften

26 feb 2011 - 15:08

De gemeente Opsterlân hat te krijen mei in soad oerlêst fan ruften en ynkontininsjemateriaal. Dy waarden oant jannewaris ynsammele yn spesjale konteners by bernedeiferbliuwen en pjutteboartersplakken. Mar om't it fabryk dêr't it materiaal ferwurke waard, fallyt gien is binne de konteners fuorthelle.

In soad minsken smite de ruften noch hieltyd op it plak dêr't de konteners stiene. De gemeente docht in berop op de ynwenners dat net mear te dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)