Man driget en mishannelet

In 37-jierrige man út Utrecht is freedtenacht oanhâlden nei't er in portier fan in hoarekagelegenheid oan de Grote Hoogstraat yn Ljouwert mei de dea bedrige hie. De man hie de portier frege oft er binnen efkes belje mocht. Dat mocht, mar it slagge de man net om kontakt te krijen.
Doe't de portier der wat fan sei, waard de Utrechter lilk en bedrige de portier. Under de rit nei it plysjeburo mishannele de man ek noch in plysje. Hy is ynsletten.