Rydbewiis Stienzer ynnommen

26 feb 2011 - 14:49

De plysje hat freedtejûn yn Ljouwert it rydbewiis fan in 19-jierrige automobilist út Stiens yn beslach naam. De man ried mei 117 kilometer oer de Dammeleane, dêr't 50 kilometer it maksimum is.

De begjinnend bestjoerder moat ek meidwaan oan in kursus dêr't er leare sil hoe't in bestjoerder him hâlde en drage moat yn it ferkear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)