Snitser swier mishannele

26 feb 2011 - 13:15

In ynwenner fan Snits is freedtenacht swier mishannele en achterlitten op strjitte. De man wie op de krusing fan de Schwartzenberghleane en de Napjesstrjitte. In noch ûnbekende man mishannele him sa dat er út de tiid rekke.

Tsjûgen troffen it slachtoffer letter op strjitte oan, hy wie noch altyd net by. Hy is úteinlik mei in ambulânse oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)