SC Cambuur net foarby Volendam

25 feb 2011 - 22:54

Sportklup Cambuur is der net yn slagge om te winnen fan Volendam. Yn eigen hûs kamen de Ljouwerters mei 2-0 foar, mar noch foar it skoft kaam Volendam werom oant 2-2.

Reza Ghoochannejhad skeat nei in heal oere in strafskop binnen en in minút letter makke Paul Beekmans prachtich (skot ûnderkant latte) de 2-0. Ut in korner kopte Ricky Kruys de 2-1 binnen en Melvin Platje soarge, wol of net yn bûtenspulposysje, foar de 2-2 einstân. De twadde helte waard net mear skoard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)