Soad pakes en beppes nei musea

De tsiende edysje fan 'Help Pake en Beppe de vakantie door' hat in rekôrtal besikers lutsen. Meielkoar kamen der hast 20.500 minsken nei de 38 musea dy't oan de aksje meidiene. It Natuurmuseum Fryslân wie mei hast 11.500 besikers de grutste lûker.
By de aksje meie bern yn har fakânsje fergees in museum yn as se har pake of beppe meinimme as begelieder. Neffens de organisaasje foel dit jier it grutte tal besikers fan bûten de provinsje op.