Twitterdebat: 700 reaksjes

By it earste Twitterdebat yn Fryslân troch Soarchbelang Fryslân binne mear as 700 berjochten pleatst. Dêrmei wie de diskusje oer de soarchsektor yn Fryslân freedtemoarn it populêrste ûnderwerp op Twitter yn Nederlân.
Politisy en oaren giene yn diskusje oer ferskate tema's yn de soarch. Yn serviceflat Nijlânstate yn Ljouwert koene de bewenners meisjen en meitwitterje op in grut skerm. Soarchbelang Fryslân hat it Twitterdebat organisearre.