Fêste wykferpleechkundigen

25 feb 2011 - 11:30

De PvdA yn Ljouwert wol fêste wykferpleechkundigen ynfiere. Der is yn de wyk Skieringen/Heechterp al in proef dien mei soksoarte soarch. De resultaten binne goed. Neffens de partij kin mei wykferpleechkundigen it ferlet oan soarch better ynskat wurde. Boppedat kinne dy minsken yn sosjale wykteams de eagen en earen fan de buert wêze.

De PvdA ropt boargemaster en wethâlders op om nei de mooglikheden fan fêste wykferpleechkundigen te sjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)