Twitterdebat oer de soarch

Soarchbelang Fryslân hâlde freedtemoarn in Twitterdebat oer de provinsjale ferkiezings. Politisy en kiezers koene dêrby reagearje op stellings oer de soarch. Twitteraars koene ek fragen stelle oan politisy.
Yn fersoargingshûs Nijlânstate yn Ljouwert waarden de minsken dêrby holpen troch saneamde Twitterbuddy's. It debat wie te folgjen op in grut skerm yn 'e gong.