Accell slút 2010 ôf mei winst

Foto: Omrop Fryslân
De winst fan fytsfabryk Accell Group fan It Hearrenfean is yn 2010 mei goed 11 persint tanaam. Dat komt benammen troch belestingfoardielen en legere rintekosten. It bedriuwsresultaat is yn de twadde helte fan 2010 wol nei ûnderen gien. Dat kaam benammen troch it minne waar. Yn 2010 binne der wer mear elektryske fytsen en sportfytsen ferkocht. Minder yn trek wiene stedsfytsen. De grutste taname is te sjen by de ferkeap fan ûnderdielen en assesoires.