Deadlik ûngelok by Ljouwert

25 feb 2011 - 07:06

By in ûngelok op de Hendrik Algrawei by Ljouwert is freedtemoarn in 56-jierrige man út Ljouwert om it libben kaam. Hy kaam mei de auto op 'e ferkearde helte fan 'e dyk ûnder in frachtauto telâne. Nei gedachten is de man net goed wurden. De 41-jierrige sjauffeur fan 'e frachtauto rekke dêrby ferwûne. Hy komt ek út Ljouwert.

De drokke tagongsdyk nei Ljouwert hat in skoft ôfsletten west. Tsjin njoggenen koe it ferkear der wer delride.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)