18 nêstkasten stellen

24 feb 2011 - 17:19

Ut 'e bosk by Lauwerseach binne 18 nêstkasten foar gielboarstjes (koolmezen) stellen. De kasten wurde brûkt foar in ûndersyk fan de Rykuniversiteit Grins. Studinten binne al fyftjin jier mei it ûndersyk dwaande.

De stellerij is krekt op 'e tiid ûntdutsen, seit Steatsboskbehear. De kasten kinne no noch ferfongen wurde foar't de fûgels begjinne te nesteljen. De kasten wurde tenei heger ophongen en der komt ekstra kontrôle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)