Help foar boer by natoerbehear

24 feb 2011 - 17:12

It tal boeren dat oan partikulier natoerbehear dwaan wol, falt ôf. Dêrom is der in plan makke om se safier te krijen. It plan is makke troch de Tsjinst Lanlik Gebiet. De provinsje hat der opdracht foar jûn. It plan waard tongersdei oerlange oan deputearre Konst.

It plan betsjut dat de provinsje mear amtlike help regelje wol foar boeren. Der binne safolle regels dat in partikuliere natoerbehearder der betiden hielendal net útkomt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)