Brussel helpt guozzebeskerming

24 feb 2011 - 16:18

It plan fan steatssekretaris Bleker fan Lânbou om trije soarten guozzen minder te beskermjen driget op Europeeske regels te sneuveljen. Dat seit Fûgelbeskerming Nederlân. Neffens Bleker binne der fan guon soarten guozzen no safolle dat it wol wat minder kin mei de beskerming. Minder beskerming kin foar Fryske boeren gefolgen hawwe. Se krije jild om de guozzen op 'e greide ta te stean. Deputearre Konst is benaud dat op dy fergoeding besunige wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)