'Rôze Pompeblêd' siket nammen

24 feb 2011 - 15:49

It Homoplatfoarm Fryslân docht in oprop om nammen op te jaan foar it Rôze Pompeblêd. De priis giet nei de persoan dy't him op bysûndere wize ynset foar de emansipaasje fan homoseksuelen. De útrikking is by it begjin fan de Rôze Wike, yn juny. Eardere winners wiene ûnder oare Arno Brok, âld-boargemaster fan Snits en no boargemaster yn Dordrecht, en homokoar Onder Anderen.

Tema fan dit jier is 'de normaalste zaak van de wereld'.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)