Nij apparaat MCL tsjin pine

Sikehûs MCL yn Ljouwert (foto: Omrop Fryslân)
Sikehûs MCL yn Ljouwert hat in nij apparaatsje foar pinebestriding. It wurket mei stroomstjitsjes. Der wie al ien yn gebrûk dat mei elektryske stjitsjes pine blokkearret. It nijste model kin ek fiele oft de pasjint stiet, sit of leit. Sa kin de dosearring better bepaald wurde.
It sikehûs ferwachtet oant fyftich pasjinten yn it jier mei it apparaat behannelje te kinnen. It apparaatsje wurdt brûkt by pinerêch. It wurdt ûnder de hûd by de rêchbonke pleatst.