Guozzen minder beskerme

Steatssekretaris Henk Bleker fan lânbou wol de beskerming fan trije soarten guozzen en de ielgoes ferromje. Boeren krije sa mear earmslach en dat liket goed nijs foar de boeren.
Sterkenburg fan boere-organisaasje LTO-Noord is foarsichtich posityf as de skeafergoeding foar guozzen op it lân mar bliuwt. Hy sjocht noch wol wat tûkelteammen. Sa liket it wol aardich guozzen wat faker ferjaaie te meien, mar dat is net sa maklik. mient er.