Upload Cinema yn Filmhûs

24 feb 2011 - 12:08

It Filmhûs Ljouwert wol mei in nij evenemint fan de Nieuwe Garde jonger publyk lûke. It giet om de saneamde Upload Cinema dêr't Youtubefilmkes fan ynternet te sjen binne. Om te begjinnen wurde tongerdei alfêst de 36 bêste fan 2010 fertoand.

Upload Cinema bringt alle moannen in kompilaasje fan Youtubefilmkes, útsocht op tema. De krusing tusken filmteater en ynternet hat yn Cannes en Londen prizen wûn. De Nieuwe Garde is in jong, kreatyf Frysk netwurk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)