Tsien jier skye by oankeap hûs

24 feb 2011 - 11:41

De famylje Beerda yn Oerterp biedt in hûs te keap oan mei fergees tsien jier lang wintersportfakânsjes derop ta. De famylje wol in nij hûs bouwe op in oankocht stik lân. It hûs dêr't se no wenje, komme se mar net fan ôf. De priis fan is al in stik sakke, mar der binne noch hieltyd gjin keapers.

De famylje hat no besletten dat de nije keapers tsien jier lang fergees gebrûk meitsje meie fan harren sjalet yn Eastenryk. Yn maaie wol Beerda it nije hûs klear hawwe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)