Tou sa tsjok as in ikebeam

24 feb 2011 - 10:51

Lankhorst út Snits hat in grutte oarder krige. It bedriuw leveret 15 kilometer tou oan oaljemaatskippij Petrobras yn Brazilië. It tou is sa tsjok as in ikebeam. It wurdt brûkt foar it fêstlizzen fan in boarynstallaasje yn de súdlike oseaan. De touwen wurde makke yn it fabryk fan Lankhorst yn Portugal.

Lankhorst ferwachtet yn de takomst mear oarders út de offshore-yndustry. De megaput foar Petrobras hat in wearde fan goed twa miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)