Auto's fan 'e dyk rekke

24 feb 2011 - 09:34

De snie fan woansdeitejûn en -nacht hat net foar in soad ûngelokken soarge. Dat meldt de plysje. Yn Berltsum, Reahel, Burchwert en Surch binne auto's fan 'e dyk rekke. Yn it lêste gefal rûn de bestjoerder dêrby in pynlike rêch op. Yn 'e oare gefallen ûntstie allinne blikskea.

Neffens de plysje passe minsken harren goed oan by de snie. Boppedat binne fanwege de fakânsje minder lju ûnderweis. Tongersdeitemoarn hawwe der gjin meldings fan ûngelokken west.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)