Friezen úntkaam oan ramp

In ûnderfining riker en in yllúzje earmer. Dat is wat Kerst van der Meer út Balk seit neidat hy en noch 29 oare Nederlânners út it rampgebiet yn en om Christchurch yn Nij-Seelân evakuearre binne. Se sieten yn Christchurch doe't de ierdbeving plakfûn.
Van der Meer wie yn in museum doe't er in lûd hearde dat op tonger like wêrnei't it plafond nei ûnderen kaam. Bûten spuite it wetter út de grûn en lei der allegearre pún.