Utstalling oer âlde Fryske ryk

Der komt in eksposysje oer it libben yn it kustgebiet fan it eartiidse Fryske ryk. De útstalling 'Land van ontdekkingen' wurdt makke troch it Ostfriesische Landesmuseum Emden, it Frysk Museum, it Grinzer museum en it Drints museum yn Assen.
Allinnich yn Emden komt in oerkoepeljende gearstalling. De oare trije musea rjochtsje har foaral op de kultuerskiednis fan de eigen provinsje. Der binne archeologyske fynsten te sjen en der komt in webside.