Friezen ha gelok by beving

23 feb 2011 - 16:04

Friezen op reis yn Nij Seelân binne bot skrokken fan de ierdbeving yn ChristChurch. De seis Friezen namen diel oan in boerereis nei Nij Seelân. Se wiene krekt oankaam yn de stêd Christchurch doe't de ierdbeving der wie. By de ierdbeving binne oant no ta 75 minsken om it libben kaam en der wurde noch goed 300 minsken fermist.

Neffens organisator Jan Pelleboer binne de dielnimmers oan de dea ûntkaam. Se hiene krekt in tsjerke besjoen dy't ynstoart is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)