Polder by Burgum ûnder wetter

23 feb 2011 - 12:56

Steatsboskbehear set tongersdei in part fan de Soestpolder tusken Burgum en de Burgumermar ûnder wetter. De polder is koartlyn ynrjochte om by in hege wetterstân tsjinst te dwaan as oerrin foar it Prinses Margrietkanaal.

De polder komt oant en mei heal maart foar in part splis te stean. De test wurdt ek hâlden om mear greidefûgels nei it gebiet te lûken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)