Wapene oerfal yn Easterwâlde

23 feb 2011 - 10:31

De plysje ûndersiket in wapene oerfal, tiisdei yn Easterwâlde. Healwei de jûn waard by in hûs oan De Fenne oanbelle. Doe't ien fan de seis bewenners iepen die, kamen fiif oerfallers mei in wapen it hûs yn.

Ien fan de bewenners waard meinaam nei in aparte romte en waard dêr mishannele en fêstbûn. De oaren waarden bedrige om jild ôf te jaan. Dêrnei naaiden de oerfallers út. De plysje hat woansdei twa manlju (18 en 27) oanhâlden. Mear wurde net útsletten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)