Tûzenen euro's foar keatsbal

22 feb 2011 - 20:43

De sulveren keatsbal fan feilinghûs Ald Fryslân Drylts hat it bedrach fan 7.000 euro opbrocht. It giet om in 200 jier âlde bal dêr't twa minsken op te sjen binne dy't sels oan it keatsen binne.

Neffens it keatsmuseum wie de bal in priis fan in keatspartij yn Berltsum yn 1794. Der wie in soad belangstelling foar de keatsbal, op de feiling kamen sa'n 200 minsken ôf. Sulversmid Johannes Feddema makke de keatsbal yn 1780.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)