Soad animo foar dinosaurussen

22 feb 2011 - 17:22

De dinosauruseksposysje 'Jurassic Ljouwert 2' ferwachtet woansdei al de 20.000ste besiker yn it Natuermuseum Fryslân yn Ljouwert. De tentoanstelling begûn krap fjouwer wike werom. No snein, 27 febrewaris, is de lêste dei.

It Natuermuseum Fryslân krijt gewoanwei 3000 taskôgers yn de hiele krokusfakânsje, mar troch de dinotentoanstelling kamen der allinne tiisdei al 3000 minsken op it museum ôf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)