Undúdlikheid oer film hynders

22 feb 2011 - 16:23

It is noch folslein ûndúdlik wannear't de film oer de hynders fan Marrum yn de bioskoop draaie sil. Grutste stroffelstien binne de finânsjes. Produsint FourOneMedia hat muoite om jildsjitters te finen, mar sjocht it projekt noch altiten wol sitten. De Tros is ko-produsint. De omrop is drok dwaande mei it skript.

De haadrol soe spile wurde troch Yolanthe Sneijder-Cabau. It is no goed fjouwer jier lyn dat in keppel hynders by Marrum fêststie op in dobbe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)