'Moordvrouw' takom jier op tv

22 feb 2011 - 15:12
  • Fryslân Marketing wurket ek mei

De plysjesearje Moordvrouw mei Wendy van Dijk yn de haadrol, komt begjin takom jier op 'e televyzje. De searje wurdt opnaam yn Fryslân en promoasje-organisaasje Fryslân Marketing wurket deroan mei. Dy siket ûnder oare de lokaasje dêr't de searje opnaam wurdt.

Produsint Endemol wurket op dit stuit oan it skript en is ek dwaande mei it sykjen fan de akteurs, njonken Wendy van Dijk. De plysjesearje komt op freedtejûn by RTL 4 op 'e televyzje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)