Oprop Jorritsma foar kollekte

22 feb 2011 - 15:01

Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma hat in oprop dien oan seis Fryske gemeenten om it kollektearjen foar it Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân te stimulearjen.

Jorritsma is foarsitter fan it fûns en wol mei de oprop de opbringst ferheegje. De seis gemeenten dy't de oprop krije, hawwe gjin koördinator mear dy't de kollektes regelet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)