Oerol-terrein bliuwt teplak

Westerkeijn bliuwt it festivalterrein
It sintrale festivalterrein fan Oerol op Skylge wurdt de kommende tiid net ferpleatst. Oerol woe it terrein Westerkeijn ferhúzje nei it Geitepark yn Midslân-Noard.
Mei de gemeente is der ûndersyk nei dien. Dêrút die bliken dat ferhuzing te folle problemen opsmite soe, lykas beswieren by omwenners. Dêrneist soe it net passe binnen de floara- en faunawet en de natuerberskermingswet. Dêrom geane Oerol en de gemeente op syk nei in oar terrein.