Stenden skrast bydrage studint

22 feb 2011 - 11:25

Hegeskoalle Stenden yn Ljouwert freget net langer in ekstra bydrage fan 14 euro yn de wike as studinten op staazje gean yn it bûtenlân. De skoalle woe de sinten hawwe as ûnkostefergoeding foar de begelieding.

Nei eardere berjochten oer fraude by de bûtenlânske fêstigings fan Stenden, krige de Volkskrant klachten fan studinten oer de bydrage. De skoalle hie it oer in frijwillige bydrage, dy't boppedat troch it staazjebedriuw betelle wurde moatte soe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)