Tasizzing ryksstipe Wetsus

Minister Verhagen wol wettertechnology opnimme yn it topgebietebelied fan de regearing. Dat betsjut foar wetterynstitút Wetsus yn Ljouwert dat de minister syn bêst dwaan sil om oant 2018 mei in finansiering te kommen. De minister sei dat moandeitemiddei by syn wurkbesite oan Fryslân.
De provinsje freget foar Wetsus en alle bedriuwen dy't dêrmei anneks binne oant 2018 in bydrage fan tusken de 40 en 50 miljoen.