Grutte drokte by Belvédère

21 feb 2011 - 18:40

De tentoanstelling oer it wurk fan de bruorren Bram en Geer van Velde hat yn museum Belvédère yn Oranjewâld in rekôrtal besikers lutsen. De tentoanstelling hat yn trije moanne mear as 12.500 minsken nei it museum brocht. It boek dat oer de tentoastelling útbrocht is, is hast hielendal útferkocht.

It wie foar it earst yn jierren dat it wurk fan de beide skilders yn Nederlân op ien plak te sjen wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)