Verhagen: gjin sâltwinning lân

21 feb 2011 - 17:22

Minister Verhagen fan ekonomyske saken is tsjin noch fierdere sâltwinning út de grûn yn Noardwest-Fryslân. Hy wol him sterk meitsje foar sâltwinning út de boaiem fan 'e Waadsee. Dat jout minder skea oan bygelyks huzen.

De útwreiding fan de sâltwinning yn it gebiet Skingen-Slappeterp hoecht no mooglik net troch te gean. Verhagen die syn útspraak moandei op in wurkbesite yn Ljouwert. Deputearre Galema (CDA) is bliid mei de tasizzing fan 'e minister.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)