Man mei geweld ombrocht

21 feb 2011 - 13:56

De 46-jierrige Snitser dy't ferline wike woansdei op It Hearrenfean dea oantroffen waard, is mei geweld om it libben brocht. Dat docht bliken út seksje troch it NFI op it stoflik omskot. De man waard fûn yn in hûs oan de Compagnonsstrjitte.

Der binne trije fertochten oanhâlden. It giet om twa Feansters fan 55 en 52 jier en in 29-jierrige Drachtster. De 52-jierrige man is de bewenner fan it hûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)