Bou parkeargaraazje sjit op

Snits krijt nije parkeargaraazje (foto: Omrop Fryslân)
It wurk oan de parkeargaraazje oan it Boschplein yn Snits avensearret al aardich. De bou begûn ferline jier. Yn de garaazje sil plak wêze foar fiifhûndert auto's. Benammen yn it wykein binne dy plakken nedich. Boppe de parkeargaraazje komme twa supermerken en apparteminten. Dy bou is ek al goed te sjen.
De parkeargaraazje moat ein dit jier klear wêze. De opleverdatum foar de rest fan de bou is yn de rin fan takom jier.