Nije rekoefening Zonderland

21 feb 2011 - 06:46

Epke Zonderland liet snein op it Sidijk turntoernoai op It Hearrenfean syn nije rekoefening sjen dy't yn 2012 op de Olympyske Spelen yn Londen goud opsmite moat. De nije flechteleminten gongen noch net goed, mar dêr sil de kommende tiid oan wurke wurde. Mei de nije oefening kin der in hegere skoare helle wurde.

It toernoai yn Sportstêd Hearrenfean wie it earste kwalifikaasjemomint foar de Europeeske kampioenskippen begjin april yn Berlyn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)