De Friesland Aris wer ûnderút

De basketballers fan De Friesland Aris binne hielendal fan slach. Yn de útwedstryd tsjin Bergen op Zoom gongen de Ljouwerters snein yn de kompetysje foar de tredde kear op rige ûnderút. De einstân wie 88-74. Tuskentroch ferlear Aris ek al de kwartfinale fan de beker tsjin Den Bosch.
Ek nei it ferlies tsjin Bergen op Zoom stiet Aris noch op it fiifde plak mei 26 punten út 28 wedstriden. Mar de achterfolgers Weert en Bergen op Zoom binne nadere oant twa punten.