VC Snits nei de play-offs

20 feb 2011 - 18:41
  • Jacqueline Huiszoon (foto: AWfoto.nl)

De follybalsters fan VC Snits hawwe in goed wykein achter de rêch. Sneon fersloegen de Snitsers yn trije sets de nûmer lêst fan de Dela League, TFM/DOK út Dwingeloo/Diever. Snein waard yn fiif sets wûn fan Peelpush. De setstannen wienen 23-25, 25-12, 20-25, 25-23 en 16-14.

De ploech fan trainster Petra Groenland stiet no op it twa nei ûnderste plak. En dermei is dielname oan de play offs in feit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)